In liet foar de tiid fan Epifany
Gjin grutte stêd foar ’t bern fan God.
It wurdt net foar in keningswidze berne.
Yn gjin paleis silst oait syn namme hearre.
Wêr sochsto him? Yn Betlehim,
dat hoedersgat sa lyts as wat.
Gjin grutte stêd foar ’t bern fan God.
Hy draacht gjin mantel en gjin kroan,
sa’t frjemde wizen tochten op har reizen.
Se sykje yn Jeruzalems paleizen.
Se hearre: ’Kom, binn’ jim sa dom?
Hjir is gewoan gjin keningssoan.
hjir sit Herodes op ’e troan.
Mar fan syn berte binn’ se wis.
Syn stjer begûn yn ’t easten al te skinen.
As wize wolst fansels net sa ferdwine.
Se komme dêr.
De rare stjer,
dy’t better wist,
wurdt harren gids
nei Betlehim, in stêd fan niks.
Mar do hast grutte dingen brocht.
Do meist de stêd fan de Messias hjitte.
Wat Micha sein hat kinn’ wy net ferjitte.
Do, Betlehim,
bist grut troch Him.
It wiere ljocht
hat dy krekt socht.
Lyts Betlehim, wa hie dat tocht?
Gesang 521
dichter: Karel Deurloo,
oersetting: Eppie Dam